Wisten Jo dat.......

… Piertsje Jansen op in moarn ûnferwachts besite krige fan in keal fan soan Bauke, dat dat bist troch de sleat, de tún en de iepen doar yn de garaazje        belâne en dat kealtsje Jansen dêr fan blidens of oerstjoerens syn grutte behoefte die en dat de ravaazje tige grut wie?
… Jan Nieuwenhuyzen yn july foar de safolste kear op’e fyts de Mont Ventoux yn Frankryk beklom, dat hy op healwei ynhelle waard troch Mink en Geke (yn’e auto), dat dy him mei Simone op’e top fan hast 2000 meter heech opwachten en dat Jan doe foar syn prestaasje in flesse reade wyn krige?
… Fedde Postma by Jolanda oan de doar kaam mei de meidieling dat har dochter by him yn de kastanjebeam siet en dat hy dat net sa fijn fûn, dat Jolanda sei dat dat net koe om’t har dochter net yn it doarp wie, dat Fedde tige wis wie dat dat ‘blonde famke’ fan har wie en dat úteinliks bliken die dat dat ‘blonde famke’ broer Joran wie?
… de ôfskiedsnacht fan de skoalferlitters fan de Paadwizer hâlden waard yn de fiere greiden fan Bauke Jansen, dat de feestfierders nachts om 12 oere hinne skrokken fan it ljocht fan in auto, dat it Gepke fan Camping Heeres blykte te wêzen mei lekkere hapkes, dat der de oare moarns nochris in ferrassing wie doe’t Jellie Jansen, sûnder dat it ôfpraat wie, lâns kaam mei tee (en kofje foar master) foar by it moarnsiten en dat de réaksje fan de bern wie dat soks allinne yn in doarp bestiet?
… der yn july midden yn de nacht op de Horstwei in man yn in ûnderbroek omspûke en keunstdong oan it struien wie, dat it Haring de Witte wie dy’t syn kâns gripe woe doe’t der yn dy droege tiid in buike foel?
… by de wurksumheden oan de Trekwei troch ien fan it wurkfolk yn de omjowing fan de pastorije in healtsje (heale sint) fûn waard út it jier 1827?
… de âld-Parregeasters Botte Ouderkerken (soan fan Murk Ouderkerken en Marie Fekkes) en Bauke Fekkes (soan fan Fekke Fekkes en Siep Folkertsma), beide yn de sechstich en yn har jonge jierren nei Amearika ferhûze, op besite wiene yn Parregea, dat hja mei Fedde Postma yn tsjerke wiene wer’t Fedde foar harren op it oargel spile, dat hja, doe’t Fedde útspile wie, ferdwûn wiene, dat Fedde nei hûs gyng en net  yn’e rekken hie dat de beide mannen yn de toer klom wiene, dat dy, doe’t hja murken dat hja opsletten sieten, de klok lieden en dat de befrijing doe net lang op him wachtsje liet?
… in postboade fan TNT-post by Annemarie Graafsma oanbelle en wat beskamme frege oft hja ek wist wer’t de Tietjestrjitte wie, dat, nettsjinsteande automatisearring en postkoades it besoargjen fan de post gjin ‘sinecure’ is en dat in postboade, al is net elts hânskrift goed lêsber, dochs útfine moatte kin wer’t de bedoelde strjitte is?
… Hans fan Douwe en Grietsje de Jong oppasse soe by Bennie en Gerbrig, dat Gerbrig seach dat hy jild meinommen hie, dat hja ferbaasd réagearre en sei dat hy jild krige foar it oppassen en der net foar betelje hoegde en dat Hans doe sei dat dat jild bedoeld wie om Riemer om te keapjen wer sliepen te gean as hy wekker wurde?
… in gast fan Camping Heeres in kuier makke, dat eltsenien dy’t hy tsjin kaam ‘goeie’ tsjin him sei en dat hy letter oan de bar fan de Herreberg sei: ‘Ik heb prachtig gewandeld en iedereen waarschuwde me heel vriendelijk voor koeien, maar ik heb geen koe gezien.’?
… der op de jierdei fan Marianne Poelstra in hiel soad auto’s parkeard stiene op beide siden fan de Horstwei, dat Durk Tjalma der mei syn grutte trekker en ladewein mei goede stjoermanskeunst mar krekt lâns koe, mar dat, doe’t de Dútske fekânsjegasten út it hûs neist Joop en Marieke thúskamen en harren auto ek op’e stoepe setten, der gjin trekker mear lâns koe, dat Douwe Breeuwsma harren frege de auto earne oars del te setten en dat mei hannen en fuotten en mei ingelsk en dútsk trochinoar die en dat, doe’t Douwe tocht dat hja it troch hiene, hja tsjin him seine dat hy it wol gewoan yn it Nederlânsk tsjin harren sizze koe om’t hja dat wol ferstean en ek prate koene? 
… de brêgeleuning fan de Parregeaster brêge oan beide siden flink skansearre is troch it hingslot fan it stek, dat dat de earste kear barde om’t fergetten wie it slot der ôf te heljen en de twadde kear om’t boatsjeminsken ‘leuk’ tochten te wêzen troch it slot wer om de leuning te hingjen?
…  de twa prommebeammen fan Thys Tjalma sa fol mei prommen siet dat Thys der wol 15 amers fol ôfhelle hat, dat der hiel wat hûshâldings de dagen dêrnei drok dwaande west hawwe prommesjem te meitsen, dat Jetske en Maaike harren bûsjild oanfollen troch by de hûzen lâns te gean om pûdtsjes prommen te ferkeapjen en dat dêrtroch de redaksje genietsje koe fan in lekkere prommetaart dy’t Erika bakt hie?
…dit jier de fuotbaldoarpen kompetysje fan Wûnseradiel hâlden is yn  Parregea, dat de ploech fan Skettens-Longerhou-Skraad kampioen waard troch trije fan de fjouwer wedstriden te winnen en dat in spiler fan Eksmoarre mei in ambulanse nei it sikehûs yn Snits oerbrocht wurde moast?
…Tamme en Wilma mei de beide soannen mei de boat op fakânsje wiene yn de omkriten fan Snits en dat ynienen de Groene Draeck mei ús keninginne oan it roer foarby kaam, dat Tamme rôp ‘lang leve de koningin’, dat Wilma, him oanstjitte en sei dat hy him stil hâlde moast, dat Tjitse syn kâns waar nom en hiel lûd ‘lang leve de koningin’ brulde, dat keninginne Beatrix dat no wol hearde, har omdraaide en freonlik nei de famylje Rodenburg swaaide?  
… Wieberen Plantinga syn twasitsbank, dy’t de hiele winter bûten stien hie en grien útslein wie, nei Jehannes Bakker brocht om him skjin spuitsje te litten, dat, doe’t hy him in pear dagen letter wer ophelje soe, der gjin bank mear wie, dat in oeriverige man fan de Omrin de bank neist de kontainer stean seach en tocht dat dy ek by it ôffal hearde en yn syn auto meinommen hat?
… Douwe Bouma by syn beppe efter hûs it gers meande, dat de tún skean ôfrint en dat, doe’t Douwe de wâlkant meande, hy, jimme riede it al, mei meanmasjine en al yn de dreksleat belâne, dat beppe no lêst fan’e rêch hat om’t se earst Douwe en doe de gersmeaner út de sleat lutsen hat?
… de renovaasje fan de Trekwei ekstra omset oplevere hat foar Hindrik Postma, dat de útfierders it sêd wiene hyltiten einen rinne te moatten en allebeide in âlde fyts fan Hindrik kochten en dêrmei de Trekwei op en del fleagen?
… de strjitmakkers yn juny opiens gjin wurk mear hiene om’t se by de gemeente fergetten hiene om klinkers foar de stoepe te bestellen, dat se ek fergetten hiene nije strjitlantearnen yn te keapjen, dat dêrom earst de âlde lantearnen mar wer delset waarden, dat doe’t de nije lantearnen der einliks stiene, bliken die dat de lampekappen net goed wiene sadat de Trekwei lange tiid jűns yn’t tsjuster lei, mar dat de lanteanrnen no harren wurk wer dogge?
… der in man fan Connexxion troch Parregea rûn dy’t op syk wie nei it gemeentehûs fan Wymbritseradiel om dêr syn beklach te dwaan oer it feit dat de bussen, no’t de Trekwei klear is, net mear troch Parregea ride meie om’t bussen ûnder ‘swier ferkear’ falle, dat it him net bekend wie dat Parregea net yn Wymbritseradiel mar yn Wûnseradiel leit en dat hy op it gemeentehûs yn Wytmarsum wêze moast?
… der wer in dûmny is en dat hy mei syn hûshâlding, de famylje Groeneveld út Jobbegea, yn de pastorij fan Parregea te wenjen kommen is, dat, doe’t se ferhûzen, de Trekwei der noch út lei en de ferhûswein net tichteby de pastorij komme koe, sadat it noch in hiele toer wie om alle spullen binnendoarren te krijen, dat it dy dei ek noch reinde dat it earze – wat in wolkom – en dat it neffens Durkje 25 jier lyn op dy dei ek sok poer min waar wie en dat sy dat noch wist om’t it har troudei wie?
… Houkje de Jong, doe’t se lâns Tsjekwerd ried, Bauke Groeneveld oan de kant fan de dyk stean seach te ‘liften’, dat se him oppikte en thúsbrocht, dat Bauke har fertelde dat hy siet te lêzen en dat, doe’t de bus stoppe, hy in tsjerke seach en tocht dat hy der al wie en útstapte?
…de finale fan it WK-fuotbal te sjen wie op it grut skerm op it sportfjild, dat de 1e helte net sa goed te folgjen wie troch de sinne, dat it, al ferlear Nederlân, in hiel gesellich feest wurden is dat oan de iere moarn ta duorre oan’t de plysje kaam om der in ein oan te meitsjen om’t der te folle kabaal makke waard?
…der guon wiene dy’t tochten dat dûmny al wer syn nocht hie fan Parregea en wer oan it ferhûzjen wie, dat dat tafoel, dat allinne de âldste soan Bauke nei Grins ferhûze foar syn stúdzje, dat se doe mei in kast fêst kamen te sitten yn de bocht fan de trep en gjin kant mear út koene en harren rie te’n ein Enne bellen, dat it goed út kaam dat Enne krekt mei de buorlju oan it barbecuën wie, dat de kast doe mei help fan in pear sterke mannen al gau ûnder wie?
…Jordi Heeres it ‘holletje’ al hiel sitten seach doe’t hy Janneke Hiemstra frege oft se foar in wykein mei woe nei it ‘Konijneneiland’, dat Janneke sei dat se dat noch net wist en dat se har mem frege oft se in wykein mei Jordi nei de Canaryske Eilannen mocht, dat dat yn elts gefal net mocht fan mem, mar dat wy spitigernôch net witte hoe’t it mei it ‘Konijneneiland’ ôfrûn is?
... Marijke en Ruben Ouderkerken net allinne de Alvestêdentocht útfytst hawwe, mar ek noch mei súkses de Alpe d’ Huez opfytst binne?