Wrâlds birin hat ûs dit to sizzen,
En dêr ha w' ús mar by del to lizzen:
Al it tilde moat fordwine.
Al hoe spitich wy 't ek fine.
Hwant ek 't álde Speake-syltsje
Moast it forlieze tsjin it byltsje.
Hjir boppe stiet it noch foar 't lêst,
Hwant it syltsje is al gien to rêst.
Fredich lei it syltsje dêr yn 't gea,
It oerspande d'iggen mei syn sterke lea.
Mannich pearke siet der faek
By dit syltsje yn it skaed.
Sels wit ik der ek noch fan to praten,
Och, dit roun doe sa net yn 'e gaten.
Mar noflike ûren wiene dat,
Dêr togearre plat op it gat.
By dat syltsje klonk oer griene mieden,
Fan de doarpstoer soms it lieden.
De fisker foun der syn bitersplakje,
En liet it snoer yn 't wetter sakje.
Ien each hied er oer it gea en 't swurk,
En it oare hie er by syn fiskerswurk.
En mar stoarje mei dat selde each,
Wachtsje op dejinge dy't er nearne earder seach.
En dan de man, dy't foto's makke,
Dy wie der ek oerstjûr fan rakke.
Hy naem noch ien kear it moaije printsje,
Foar ús wylst it bleakere yn it sint je.
Dêr leit it doarke, mei syn ranke toer,
To mimerjen, hwat bliuwt der fan ús gea noch oer?
In greate dûker, twa peallen en in hikke,
Dat krij' wy der foar yn 't plak, fordikke;
Dan steane wy in amerijke stil
En tinke: Och, it is in nijerwetse gril.
Mar al mei al, ús Syltsje moast fordwine,
Al hoe spitich wy 't ek fine.
Minsken, hâld dit printsje yn jim fêst
Hwant ús Syltsje, dit is gien to rêst.

Dedzjum, 16e fan 'e Blommemoanne 1955  TH. W.